Results 1 to 2 of 2

Thread: Fjouwer ālde Goaden Foar De Friezen

  1. #1
    Senior Member Sybren's Avatar
    Join Date
    May 2009
    Last Online
    Saturday, August 25th, 2012 @ 05:28 PM
    Ethnicity
    Frisian
    Ancestry
    Frisian, Saxon
    Subrace
    Atlantid
    Country
    Netherlands Netherlands
    State
    Frisia Frisia
    Gender
    Age
    34
    Politics
    Frisian nationalist
    Religion
    Agnostic
    Posts
    930
    Thanks Thanks Given 
    0
    Thanks Thanks Received 
    3
    Thanked in
    3 Posts

    Fjouwer ālde Goaden Foar De Friezen

    In moai stikje oer Fryske goaden:

    Fjouwer ālde goaden foar de Friezen

    Lykas by de oare Germaanske talen, śtsein it Yslānsk, binne der yn ’e Fryske deinammen fjouwer nammen fan ālde, lānseigen goaden ferhoalen.

    moandei – tiisdei – woansdei – tongersdei – freed – sneon – snein

    Tij
    Tiisdei is fan rjochten de ‘dei fan Tij’. En Tij wie de ālde haadgod, ear’t hy fan ’e troan staat waard troch Woan likegoed as Tonger (wźroer aanst mear). Hja koene him yn midsieusk Skandinaviė as Tżr, en yn it iere Germaniė as *Tīwaz. Tij wie de god fan rjocht en rjochtfeardigens, en sa ek fan oarloch en frede. Hy wie op ’en nausten behelle yn ’t ting, de ālde Germaanske rjochtsgearkomste. Yn ’e Nederlānske deinamme dinsdag, dy’t net besibbe is mei it Fryske tiisdei, fine wy in ālde bynamme fan him dy’t ferwiist nei ’t ting.

    Hoesa dan Tij ynstee fan Tii? Dat komt troch it plak fan it lūd. Bywannear’t de Aldfryske -ī- net folge waard troch in bylūd, dan ūntwūn dat him ta in Fryske -ij- (ferlykje Frysk frij śt Aldfrysk frī). Oars bleau it lykas it wie, mar dan oars stavere: -ii- en -y- (ferlykje Frysk tiid śt Aldfrysk tīd). De namme Tij hat nammers neat te krijen mei it wurd tij ‘stān fan it wetter’. Har likenis is tafal.

    Woan
    Woansdei wie de ‘dei fan Woan’. Woan ferkrong ea Tij en wie de wichtichste fan alle goaden yn ’e letheidenske tiid. Hy wie de god fan ferfiering, dichtkeunst, grime en ek oarloch. Syn namme is besibbe mei woede; it moat lykwols sein wurde dat dat wurd ea in rommere betsjutting hie: ‘ferfiering, ekstaze, (geastlike) brān’. Woan is ek dejinge dy’t neffens de ālde lieten śs foarālden it runeskrift joech. Yn midsieusk Skandinaviė neamden hja him Óšinn.

    Tonger
    Tongersdei betsjut ‘dei fan Tonger’. Tonger, lykas syn namme ferret, hie te krijen mei tonger en wjerljocht. Wapene mei syn hammer en fjochtsjend tsjin alderhanne reuzen en oar brod wie hy ferneamd om syn moed en krźft. Tonger wie ek yn ferbān brocht mei de iik. Yn oare Yndo-Jeropeeske mytologyen hiene hja in god lykas Tonger, yn guon gefallen ūnder in namme dy’t besibbe wie mei de pleatslike namme foar ’e iik. Hawar, de Skandinaviėrs yn ’e midsieuwen neamden him Žórr.

    Frije
    Freed, in mear fersliten deinamme as de eardere trije, wie de ‘dei fan Frije’. Frije, waans namme letterlik ‘leafste, dierbere’ betsjut en net sa lyk ‘hja dy’t frij is’, wie de goadinne fan fruchtberens en mem-wźzen en fan ’e leafde en it boask. Neffens de ālde Skandinaviėrs, dy’t har Frigg neamden, wie hja de frou fan Óšinn, oftewol Woan. Ek hjir hat it plak fan it lūd derta laat dat de namme los oars is as yn in gearstalling.

    Oare goaden
    Sūnder mis wiene der njonken de fjouwer foarneamde ek oare goaden yn ’e mytology fan ’e ālde Friezen. In foarnamenien dźrfan wie Fosite, nei wa’t ea ferneamd waard it hillige eilān Fositeland, dźr’t in hillige boarne bestie neffens de oerlevering. De oarsprong fan ’e namme Fosite is ūnwis, mar it sil gjin āld wurd foar ‘foarsitter’ west hawwe. Rjochtoarsom, doe’t de ālde Skandinaviėrs de ferearing fan dy god fan ’e Friezen oernamen makken hja der Forseti ‘foarsitter’ fan, en seagen hja him as in god fan rjocht en frede. Sa is it mooglik dat Fosite inkeld in bynamme wie fan Tij hjirboppe. Dy wie ommers de oarspronklike god fan rjocht en frede. Śs is fierder oerlevere in midsieusk ferhaal oer hoe’t in heimsinnige namleaze god tolve Fryske rjochters (asega’s) rźdt fan in stjoerleas skip en har nei in plak laat dźr’t hy in boarne slacht mei syn gouden akse en har goed rjocht leart. Dat sil lykwols Fosite west hawwe, oftewol Tij.
    Boarne

    Spitich dat se je hjir net wat mear oer learre yn it ūnderwiis. Dit fyn ik toch krekt sa wichtig en interessant om te witten.

  2. #2
    Senior Member
    Join Date
    Oct 2008
    Last Online
    Monday, February 20th, 2017 @ 12:02 PM
    Ethnicity
    Dutch
    Gender
    Posts
    526
    Thanks Thanks Given 
    0
    Thanks Thanks Received 
    0
    Thanked in
    0 Posts
    Tank, Sybren. It is goed krekte, lānseigen nammen te hawwen foar de ālde goaden. It liket nearne nei hoe guon lju mei alderlei frjemde nammen op ’e haal gean. Ea hearde ik in Nederlānsk famke fertelle oer hoe hja “Freya” sa wichtich fūn. Hja rattele troch en ik tocht: sis no gewoan “Vrouwe”, bern. Selde wurd, selde betsjutting, mar fan dyn eigen grūn. Gjin reden ta it brūken fan śtlānske nammen.

    Mar sa kin it wol ta. Ta de saak! Ik kin hjir noch in fiifte ālde god oan taheakje: Jong. (Dat is fan *Ingwaz, lykas it tiidwurd sjonge fan *singwan-. Net te betiizjen mei it eigenskipswurd jong ‘net āld’.) It is nuver hoe dy nea syn eigen deinamme krige hat. Wie er net in tige wichtige god, net inkel foar ’e stammen by de Noardsee lāns mar foar alle Germaanske stammen? No wy dwaande binne mei it lykslaan fan goaden: wie er faaks ea ien en deselde as in oare god (bygelyks Tij)? Mar dan bliuwe it noch wol fjouwer goaden.

Similar Threads

  1. Sporen van Friezen in Finland
    By Pertinax in forum Netherlands & Flanders
    Replies: 0
    Last Post: Sunday, December 10th, 2006, 06:43 PM

Bookmarks

Posting Permissions

  • You may not post new threads
  • You may not post replies
  • You may not post attachments
  • You may not edit your posts
  •