PDA

View Full Version : Gearfoeging Fan Fryslân, Grinslân En Drinte



Anlef
Thursday, April 7th, 2011, 04:39 PM
http://www.rtvnoord.nl/ftp/foto/middel/100408-100408-fusieprovincies.jpg

Ferline jier wie neffens in ûndersyk (http://www.tvnoord.nl/nieuws/nieuws.asp?pid=90624) mear as de helte fan ’e noardelingen foar it gearfoegjen fan Fryslân, Grinslân en Drinte ta ien provinsje. It wol net yn my del; hja hawwe fêst inkeld ûndernimmers ûnderfrege. It wie ommers VNO dy’t dêrta opdracht jûn hie.

Hja sille yn in sucht krijende deilis wêze, de Friezen, Grinzers en Drinten tegearre, sa by de ferdieling fan it jild út De Haach. Feriening fan Grinslân en Drinte is faaks noch te dwaan, mar ek dreech.

Der giet my lykwol in ljocht op dat de tastân lykas dy’t no is nei de ein rint.

Wat binne jimme tinzen hêroer?

Sybren
Thursday, April 7th, 2011, 05:10 PM
It sil wis syn foardielen hawwe, mear minsken tegearre is mear macht en mear jild.

Mar ik bin der sels net foar. Ik sjoch no nammenlik in soartgelyks barren op gemeentlik niveau. De gemeente wêr't ik sels yn wenje is koartlyn gearfoege mei in stel oare gemeentes tot Súdwest Fryslân. Nei myn miening ferlieze je dan altyd in stik identiteit, wat je letter nea wer weromhelje kinne.

Boppedat binne d'r no ienmaal flinke ferskillen tusken Grinzers, Friezen en Drinten, yn taal, likegoed as yn karakter, as yn âfkomst en mear. Om dat no fuort te smiten foar in pear sinten en macht giet my fjisten te fier.

Ik moat sizze, dat is nog een dreech stikje Frysk om te lêzen Anlef ;)

Ekskusearje my foar de taalflaters, ik bin noch learende kwa skreaun Frysk :)